Nei hast in libben lang tegearre, ferliest Douwe syn Durkje oan Korona.
Hy komt thús fan’e begraffenis, syn hûs is no syn finzenis, want hy mei der net út. Hy sit yn thúsisolaasje. Syn dochter praat mei him fia de kompjûter en makket har bot soargen om har heit. Hoe moat hy sa poer lykme-allinne dit grutte ferlies ferwurkje? Se jout him in online mindfulnesskursus kado. Mar hoe giet in folbloed Wâldpyk as Douwe dêr mei om?
‘Ferlies yn Lockdown’ is in tragikomysk stik oer in man dy’t de dea fan syn frou akseptearje moat yn in ûnwisse wrâld, dy’t teistere wurdt troch in pandemy. In aktueel en yndringend stik fan de hân fan Tet Rozendal oer ferlies, loslitte en in nij paad sykje.
‘Ferlies yn Lockdown’ wurdt spile troch Joop Wittermans mei op it kompjûterskerm Lianne Zandstra ( as mindfulness coach) en Tet Rozendal ( as dochter Anke.)
Wy hâlde ùs oan de Korona-ôfspraken.
Rezjy: Janneke de Haan
Dekôr/kostuumûntwerp: Afke Manshanden
Filmkes: Studio Smids
Muzyk/technyk: Sander Stienstra
Foto: Tryntsje Nauta
Grafysk ûntwerp: De Staat van Creatie
Produksje: Stichting Oog van de Dag, Ruud van der Slik- Sentry, Atsje Lettinga
Mei tank oan it Cultuurfonds.
—– TICKETS ——
Wachtlijst extra voorstellingen “Ferlies yn Lockdown”
[eme_events category=2]